By de losse kursussen fan de Skriuwersfakskoalle is elkenien wolkom, der is gjin foaroplieding nedich.
Nij: Berne- en jeugdliteratuer
Dosint: Paul van Dijk
Lesdata: 18 en 25 maart, 8 en 15 april, 6, 20 en 27 maaie, 10 juny 2025, 18:45-21:45 oere
Lesjild: 520,-
Leslokaasje: Tresoar, Ljouwert
Fiertaal: Frysk
Altyd alris in ferhaal foar bern skriuwe wollen? Stiest iepen om dat mei oaren te learen? Dan is de nije kursus berne- en jeugdliteratuer fan de Skiuwersfakskoalle wat foar dy.
Yn dizze skriuwkursus bringt skriuwer en dichter Paul van Dijk dy yn oanrekking mei alle aspekten fan de berne- en jeugdliteratuer. Troch lês- en skriuwopdrachten komst achter alle mooglikheden yn dit sjenre. We behannelje printeboeken, it skriuwen foar midden- en boppebou en gedichten. Mei foarbylden út besteande berne- en jeugdboeken ûndersykje we wat it belang is fan spanning, ritme en fantasy. Dûk yn de betoverjende wrâld fan it skriuwen foar bern en skriuw dy yn.
Oer de dosint
Paul van Dijk is in kreative tûzenpoat. Hy makke berneboeken, koarte ferhalen, printeboeken, strips en teäterteksten yn it Frysk foar bern en hy sette mearkes út it Ingelsk oer. Yn syn wurk foar bern sit in soad fantasy, spanning en humor, By syn ferhalen makket er yllustraasjes. Dat each foar it fisuele komt him ek fan pas by it skriuwen fan senario’s foar it wykblêd Donald Duck. As dichter makket er wurk foar folwoeksenen. Foar syn gedichten ûntfong Van Dijk meardere prizen en syn printeboeken ferskynden ek yn oare talen. Fan syn hân ferskynden û.o. De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter en Omke Ule sjocht stjerren.
Ynskriuwe kin oant 10 maart 2025 (kies stúdzjejier 1).
Wolst in langere oplieding dwaan by de Skriuwersfakskoalle? Begjin dan mei it fak Skriuwtechniken A. Op 26 febrewaris is der in fergees tagonklike yntroduksjeles.
Foto dosint Paul van Dijk: Marcel Hectors