Op tongersdei 6 maart 2025 organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de tredde edysje fan Lettertreffen, ús gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân.
We prate dy middei skriuwers, útjouwerijen, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd. En fansels is der tiid om inoar te moetsjen en mei-inoar te praten.
Tongersdei 6 maart
14:30 (ynrin), 15:00 (start) – 17:30 oere
dbieb Ljouwert, seal De Kapel, Blokhuisplein 40
Programma Lettertreffen
14.30 uur: | inloop met koffie/thee |
15:00 uur: | terug- en vooruitblik projecten Leeuwarden UNESCO City of Literature (o.a. Klein geluk tijdens Arcadia 2025) spreker Marianne Hommersom (coördinator schrijfresidenties bij DeBuren, Vlaams-Nederlands huis voor cultuur en debat) |
16.30 uur: | afsluitende borrel in café De Bak |
17:30 uur: | einde programma |
Oer Marianne Hommersom
Marianne Hommersom is koördinator talintûntwikkeling by deBuren en al fan de earste edysje yn 2012 ôf belutsen by de jierlikse Schrijfresidentie yn Parys. Se liedt dit talintûntwikkelingstrajekt foar jonge makkers yn goede banen en set hjirby ek de pet fan redakteur op. Ut har oplieding ta fotograaf oan KASK Gent wei bliuwt har ynteresse foar byldzjende keunst like grut as dy foar de literatuer. Yn it Europeeske talintûntwikkelingstrajekt CELA II wie Marianne belutsen as Literary Professional en se bout dêrop fierder binnen it CELA Platform dat yn 2025 úteinset.

foto Lettertreffen: Lucas Kemper
foto Marianne Hommersom: Gaby Jongenelen