It tradisjonele lêzersfeest yn boekhannels en biblioteken fiert yn 2025 syn 90-jierrich jubileum. De 90e Boekenweek fynt plak fan woansdei 12 oant en mei snein 23 maart 2025. Tema fan de Boekenweek 2025 is Je Moerstaal.
De tema-útjefte Hèhè fan Paulien Cornelisse leit foar €5,25 yn’e winkel. Dêrneist krije lêzers yn de Boekenweek it Boekenweekgeschenk De Krater kado, skreaun troch de winner fan de Boekenweek-skriuwwedstriid: Gerwin van der Werf. It Boekenweekgeschenk is in kado fan ‘e boekhannel by besteging fan €15 ôf oan boeken. Dit jier is it Boekenweekgeschenk ek yn it Frysk te krijen.
Yn boekhannels en biblioteken wurde fansels wer in soad aktiviteiten organisearre.