Fier taalferskaat mei de Noard-Fryske film Amrum (reg. Fatih Akin) en de lansearring fan trije Liwwadder spesjaalbierkes! De ynkringende coming-of-age film spilet him ôf op waadeilân Amrum yn 1945 en wurdt yntrodusearre troch frisist Henk Wolf.

Nei de film (17:00 oere) wurde yn de foyer trije nije spesjaalbieren fan Brouwerij Grutte Pier presintearre, ynspirearre op it sprekwurdboek ‘Ik rúk al aardech naar de skep’ van Ezra Efdé. Dit is it startskot foar in taal- en keunstprojekt om it Liwwadders te promoatsjen, mei muorreskilderingen yn de stêd. Live muzyk troch Trio Ossekop mei Liwwadder klassikers!

15:00 oere: Film Amrum (kaarten fia Slieker Film)

17:00 oere: Presintaasje spesjaalbierkes (fergees)

Nei de webside →