Verhalenavond organisearret yn oanrin nei de edysje fan 2026 workshops ‘Verhalen vertellen’ mei skriuwer en NRC-columnist Christiaan Weijts. De sintrale fragen: Wat makket in ferhaal ûnferjitlik? En hoe fynst it ferhaal datsto allinnich mar fertelle kinst?
Dielnimmers geane op syk nei de kearn fan harren eigen ferhaal en leare hoe’t se dit op in pakkende wize fertelle kinne. Dêrby is der omtinken foar ûnder oare struktuer, spanningsopbou en presintaasje. De workshops slute oan by it tema fan Verhalenavond 2026: Mijn Roots – Myn Woartels. Hokker oantinkens, famyljeferhalen, plakken of foarfallen hawwe dy foarme? En hoe makkest dêr in ferhaal fan dat oaren rekket?
De workshops binne in goede tarieding foar wa’t dy op freed 20 novimber faaks sels in ferhaal fertelle wol by Verhalenavond, mar binne ek tagonklik foar elkenien dy’t gewoan better fertelle leare wol. It is net nedich foarôfgeand oan de workshop al in ferhaal taret te hawwen. Fergees oanmelde foar ien fan de workshops kin fia verhalenavond.nl.
Christiaan Weijts (1976) is skriuwer en ûnder oare columnist by NRC Handelsblad. Hy skreau suksesfolle en bekroande romans as Via Cappello 23, Euforie en Het valse seizoen. Neist lêzingen oer eigen wurk jout Weijts ûnder mear workshops yn kreatyf skriuwen en it fertellen fan ferhalen.
Nei de webside →