Ein 2024 waard Biblioteek Drachten | Smellingerlân foar it twadde jier op rige útroppen ta de bêst prestearjende biblioteek fan Nederlân. In unike prestaasje! Nei it twadaagse Beste Bieb Festival ferline jier, organisearret Biblioteek Drachten | Smellingerlân dêrom fan snein 16 o/m sneon 22 novimber de Wike fan de Beste Bieb. Alle dagen stiet in oandachtsgebiet fan de biblioteek sintraal, lykas keunst & kultuer, beheinde taalûntwikkeling en jeugd & ûnderwiis. Tidens de nije, ekstra romme iepeningstiden kinst alle dagen genietsje fan fergees tagonklike aktiviteiten en festiviteiten, lykas lêzingen en optredens fan û.o. Karim Amghar, Eef van Opdorp, Said El Haji, Bert Wagendorp, Jorrit de Klerk, Maren Stoffels en Lex Paleaux.

Karim Amghar fertelt moandei 17 novimber wêrom’t it mbo it Meest Belangrijke Onderwijs fan Nederlân is. Hy is programmamakker en mbo-dosint en skriuwt foar De Correspondent en Trouw. Eef van Opdorp is bekend fan it tv-programma Uitstel van Executie. Sy jout tiisdei 18 novimber tips oer ynkomsten, útjeften en sparjen en lit dy mei in frisse blik sjen nei dyn eigen jildsaken. Skriuwer, publisist en dosint Said El Haji docht mei in soad humor en meilibjen ferslach fan syn ûnderfiningen as NT2-dosint. Hy lit tongersdei 20 novimber sjen hoe’t taal net allinnich in middel ta kommunikaasje is, mar ek in kaai ta begryp en ferbining.


Fan Biebkapper oant Boekesushi

Foar dizze lêzingen, mar ek de skriuwersoptredens fan Bert Wagendorp (sa 16 nov), Jorrit de Klerk en Maren Stoffels (beide wo 19 nov) en Lex Paleaux (vr 21 nov), kinne fan no ôf kaartsjes reservearre wurde. Dat jildt ek foar de workshop ‘Maak je eigen sprookjesbox’, de Biebkapper foar minsken mei in lytse beurs, de bernefoarstelling fan Theater Pannenkoek en de Voedzame Boekensushi foar âlder en bern. Dêrneist binne der tal fan aktiviteiten op ynrin. Alle aktiviteiten binne fergees tagonklik.

Nei de webside →