Verhalenavond op freed 26 novimber giet troch. De parsekonferinsje fan freed 12 novimber en de oankundige maatregels hawwe fansels ynfloed op Verhalenavond.

Sa wurde ferhalen net mear ferteld yn wenkeamers, mar op in beheind tal lokaasjes dêr’t mear romte is. Dat feroaret net dat it in jûn wurdt mei bysûndere en persoanlike ferhalen mei as tema ‘Taal fan myn hert’.

By Tresoar kinst op Verhalenavond harkje nei Neeltje Bonnema, Sannemaj Betten, Arjan Hut en Syds Wiersma: dichters dy’t meidogge oan it projekt Wjerspegelje fan Ljouwert UNESCO City of Literature en Merk Fryslân. Lês dêr hjir mear oer.


Op tweintich lokaasjes yn hiel Fryslân binne op Verhalenavond sa’n 70 persoanlike ferhalen te hearen. Ferhalen oer taal en deminsje, misbegryp, taal fan de strjitte, de taal fan in dokter, flechtlingen dy’t in nije taal ‘leare moatte’, in tatoeaazje as dierber oantinken en oer in katoenplant yn relaasje ta it slavernijferline.

Neist persoanlike ferhalen binne der kuiers yn it Liwwadders, is der dûns fan it dûnsselskip Ivgi en Greben en wurde gedichten foardroegen mei útlis oer it ûntstean fan it gedicht. Allegear ferhalen út driuw en passy.

Der binne ferhalen yn Ljouwert, Burgum, Wommels, Bûtenpost, Ljussens, op ‘e Gordyk, yn Iens, Snits, Berltsum, Tytsjerk, Warkum, Frjentsjer en op It Amelân.

De lokaasjes hawwe foar de jûn in programma gearstald en begjinne allegear tusken 19.00 en 20.00 oere, in tal programma’s wurdt werhelle. De QR-koade wurdt frege by de yngong fan de lokaasjes.

Kies op de webside ûnder it kopke ‘Ik ben publiek’ ien plak dêr’tst mear ferhalen hearst. Sa kin Verhalenavond trochgean, mar op in wize dy’t feilich is foar sawol fertellers as publyk.

Verhalenavond is in produksje fan Pier21.

dichters Arjan Hut, Neeltje Bonnema, Sannemaj Betten en Syds Wiersma