Yn de earste edysje fan Arcadia, yn 2022, brochten wy Utsteld gelok. Alle hûndert dagen fan it kultureel programma koene besikers fergees in live foarlêzen ferhaal belústerje op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de pandemy.
By Lyts gelok bringe wy graach in reprize fan Utsteld gelok, as 1 fan de 100 foarmen dêr’t wy literêre teksten yn opdûke litte ûnder de twadde edysje fan Arcadia. Yn Wikel wurdt yn It Boukeboskje (adres: Sânmar 3) troch Frank Belt (yn it Nederlânsk) it ferhaal foarlêzen dat Jeroen Olyslaegers skreau foar Lyts gelok.
Utsteld gelok is fergees en spontaanwei tagonklik. It programma duorret sawat in oere. Hoechst dy net oan te melden. Nim sels in túnstuoltsje mei. Ynrin om 19.15 oere. Kom it leafst rinnend of mei de fyts.
Foto: Mirjan van der Meer