Yn it ramt fan Lyts gelok stiet de online ploech fan Mei-inoar lêze op freed 13 juny fan 11.00 oant 12.00 oere yn it teken fan de Fryske skriuwer en dichter André Looijenga. Tegearre mei de skriuwer lêze wy út syn wurk. Wy geane yn petear oer wat dat by ús opropt en hoe’t it is om yn it Frysk te skriuwen. Der hoechst neat foar ta te rieden – allinnich lústerje, meiprate of gewoan yn stilte meigenietsje is hielendal goed.
Meidwaan? Stjoer in e-mail nei vraag@cultureleapotheek.nl en do krigest op 12 juny de link foar dielname.
Nei de webside →