Der wurdt in nij poëzytablo ûntbleate as ûnderdiel fan de Ljouwerter poëzyrûte. It giet om in gedicht oer de histoarje fan Nijehove, de wichtige ûntsteanslokaasje fan it hjoeddeistige Ljouwert. It poëzytablo fan hurdstien krijt in prominint plak: tusken it Oranjepoartsje fan de Grutte Tsjerke en it plantsoen fan it Jacobijnertsjerkhôf.
It gedicht is skreaun troch Judith Nieken, bekend fan har raamgedichten yn de ta ‘Poëziesteeg’ omdoopte Bollemanssteeg en fan it gedicht dat ynformateur Sybrand Buma nei it ôfrûnjen fan syn wurk yn de Twadde Keamer efterliet. As bewenster fan de binnenstêd ken Judith Nieken Nijehove as gjin oar.
Arnold Mulder (foarsitter Rotaryclub Nijehove) en Geart de Vries (foarsitter stichting Poëzietableaus) sille taspraken hâlde. Dêrnei draacht Judith Nieken it gedicht foar. De stien wurdt ûntbleate troch Judith Nieken en inisjatyfnimmer Peter de Haan.
Elkenien dy’t wat hat mei de stêd Ljouwert of him belutsen fielt by literatuer is wolkom.
It projekt is mooglik makke troch de jubilearjende Rotaryclub Nijehove en Sint Anthoon.