Litte we ús ferbine troch ús talen en mei poëzy foarm besykje te jaan oan it ûnbeneambere

Dizze bysûndere byienkomst wurdt organisearre troch Ira Judkovskaja, Tryater en IepenUP, yn it ramt fan Theater Na de DamDe IepenUP-talkshow ferskoot dêrfoar foar ien kear fan Neushoorn nei Tryater (Oostersingel 70, Ljouwert. Tink derom: oanfang 21.00 oere, ynrin fan 20.30 oere ôf. Fergees tagong. De byienkomst is ek online te folgjen fia de Arcadia-socials.

De oarloch fan doe falt net los te sjen fan de oarloch fan no. Akteurs Marjolein Ley, Sjoerd Blom en Beppe Costa jouwe mei makker/regisseur Ira Judkovskaja har eigen lêzing oan oarlochsgedichten út Nederlân, Dútslân, Italië en de Sovjet-Uny. Ynwenners fan Ljouwert en Fryslân skowe derby oan en lêze gedichten yn har memmetalen: Oekraynsk, Russysk en Dútsk. Se fertelle ek wat dizze gedichten no foar har betsjutte.

Spesjale gast: Mohamedou Ould Slahi. In leauwige, tûke jonge út Mauritanië dy’t – nei in stúdzje yn Dútslân – begjin jierren ’90 yn Afganistan fjochtet tsjin de Russyske besetter mei in groep dy’t letter ta Al Qaida hearre sil. Hy wurdt oppakt en sit 15 jier lang ûnskuldich fêst op Guantánamo Bay. Syn libbensferhaal waard ferfilme (The Mauritanian) en op dit stuit wurket er mei it Noord Nederlands Toneel oan de foarstelling Freedom, dy’t ek by Arcadia te sjen wêze sil.

Byld: Jr Korpa, Unsplash