In Silent Book Club óp de Aldehou? It klinkt miskien as in gekke koartsdream, mar it is echt wier. Op sneintemoarn 26 july organisearje Visit Leeuwarden, Tresoar, Annies Boekenhoek en Fer Koffie in bysûndere edysje fan de Silent Book Club boppe-op ús skeve toer. Nei in klim nei boppe sikest in moai plakje, genietest fan in lekkere kofje en lêst in oere lang yn stilte, mei it moaiste útsicht fan de stêd!
Om 09:30 oere giet de Aldehou iepen. Der giet in lift nei de earste ferdjipping, mar fan dêr ôf kinst it dak allinnich berikke troch de trep te nimmen. Ienkear boppe kinst by de barista’s fan Fer Koffie alfêst wat lekkers bestelle en in plakje sykje.
Tusken 10:00 – 11:00 oere lêze we yn stilte. Der binne in pear sitsekken, mar nim foaral sels in lekker picknickkleed, krukje, opklapstuoltsje of tsjok kessen mei om op te sitten of te lizzen.
Tusken 11:00 – 12:00 oere kinst dyn haadstik noch even út lêze, mei dyn buorman of buorfrou prate oer jim boeken, in ekkere cappuccino drinke of alfêst begjinne mei de klim nei ûnderen. Fan 12 oere ôf moat elkenien him wer nei ûnderen ta jaan.
Goed om te witten: der is in toilet op de begeane grûn. It evenemint is net rolstoelfreonlik. De tagong is fergees. Der mei maksimaal 45 minsken nei boppen dus kom op tiid om dyn plakje te claimen. Fol = fol!
Nei de webside →