Nei it sukses fan Slappe Douwe presintearret Teatro Magiko in nije produksje oer in Ljouwerter skriuwer: Havank, pseudonym fan Hans van der Kallen. Mei goed seis miljoen ferkochte boeken oer speurder Charles Carlier (alias De Schaduw) is Van der Kallen ien fan de suksesfolste Nederlânske skriuwers.
Yn dizze foarstelling krijt de skriuwer de kâns him te ferdigenjen tsjin de oantiging dat syn boeken folslein ferâldere binne. Hy mei him ek ferwarre tsjin ferwiten oer syn spilsucht en egosintrisme. Havank wurdt mei oare wurden útdage om him fan syn bêste kant sjen te litten.
Frank de Wilt fertolket Havank, Janneke Bijlsma en Sietse de Vries binne de fertellers, Erik Baas spilet Jan Koops (útbater fan hotel Amicitia). Regy: Maaike van der Geest.
Premjêre is op 27 maart. Dêrnei binne der foarstellings op 28 en 29 maart en 2, 4 en 5 april.
Nei de webside →