Op sneon 19 augustus fynt de sechsde edysje plak fan it Swanneblomfestival, in lyts festival fol ferhalen, muzyk en poëzij. Lokaasje is de Teetún fan Slappeterp, fan 16.00 oant 22.00 oere, mei fan 18.30 oant 19.30 oere in pauze om te iten. In ferskaat oan spoken word-artiesten, dichters, fertellers en muzikanten sil hjir optrede, lykas Hein Jaap Jaap Hilarides, Dien L. de Boer, Peter van Lier, Job Degenaar, Rudy Lobisch, Frank Stolwijk, Michel Duijves, Ria Westerhuis, Bas Witlox, Wiep Kingma, Gerrit de Vries, Carla van der Zwaag, Gerryt Huizenga, Henny Peetsma, Janneke Spoelstra en Peter Vermaat. It wurdt in tige ôfwikseljend programma, mei klinkende beats en rôljende wurden.

De tagongspriis is € 10. Reservearje kin by peter@petervermaat.nl. As jo yn de teetún ite wolle à € 17,50 p.p. (menu fan 3 gongen) dan moatte jo dit ek yn it foar opjaan by peter@petervermaat.nl.