Masterferteller Suzanna Jansen komt nei De Lemmer foar in bysûndere lêzing oer har Essay foar de Moanne fan de Skiednis. Yn Projekt RUST ûndersiket se hoe’t yn de jierren fyftich en sechstich talleaze froulju útfoelen troch ‘overspannenheid’. Se wiene wurch, hiene ûndúdlike klachten en krigen faak itselde advys: útrêste yn in ‘herstellingsoord’.
Mar wat barde der eins yn sa’n rêsthûs? Wat wie der mei dizze froulju oan de hân? En watfoar gefolgen hie har ôfwêzichheid foar de húshâlding dy’t thús efterbleau? Suzanna Jansen lies brieven fan froulju dy’t yn herstellingsoarden ferbleaune en prate mei harren bern. Se hearde hoe’t jonge famkes fan skoalle helle waarden om de taken fan harren mem oer te nimmen, wylst oare bern tydlik yn in ynternaat telâne kamen.
Ut it ferhaal fan har eigen mem wei makket Jansen in begjin mei it optekenjen fan dizze fergetten skiednis. Nei ôfrin is der folop gelegenheid om fragen te stellen en eigen oantinkens en ferhalen út te wikseljen.
Der is boekferkeap en gelegenheid om boeken sinjearje te litten. Kofje of tee by binnenkomst is ynklusyf.
Foto: Mark Uyl
Nei de webside →