Alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn.

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabriëlle Terpstra en Arjan Hut.

Dizze kear in spesjale edysje mei/foar (âld)studinten fan de Skriuwersfakskoalle!