Tresoar organisearret yn de mande mei Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen yn ‘De Utrecht’ de alderearste Silent Book Club foar bern fan 7 oant en mei 12 jier. In hearlik, rêstich plak om sels yn stilte te lêzen, sûnder broerkes of suskes dy’t steure, blaffende hûnen of skermen dy’t om oandacht freegje. Tusken de tekeningen fan natuer en bisten fan de keunstners Stern Nijland en O.C. Hooymeijer kinne bern harren hielendal ferlieze yn harren ferhaal. Even écht de tiid foar in boek.
Hoe wurket it?
Nim in eigen boek mei of kies ien út de grutte steapel mei Nederlânske en Fryske berneboeken. Rin binnen tusken 13.00 en 15.00 oere, sykje in rêstich plakje en bliuw sa lang ast wolst. Do meist as âlder/begelieder fansels gewoan meikomme (tip, nim foar dysels ek lekker in boek mei) — en ja, de knuffel mei ek mei. Foar elkenien dy’t komt is der wat te drinken en wat lekkers. Om 15.30 oere slute de doarren wer.
Nei de webside →