Fannemoarn hat Ljouwert-Fryslân 2028 it programma foar kultureel festival Arcadia presintearre.

Arcadia duorret 100 dagen, van 6 maaie oant en mei 14 augustus, mei eksposysjes, foarstellingen en mienskipsprojekten yn hiel Fryslân. Dêrûnder is ek it ferhaleprojekt Utsteld gelok fan Leeuwarden City of Literature.

Op tongersdei 3 en freed 4 maart kinst meidraaie yn de wrâld fan Arcadia yn it reuzerêd by de Achmeatoer yn Ljouwert.