De kursisten fan de masterclass-searje Foardragen presintearje op tongersdei 30 maart fan 20:00 oant 21:30 oere (ynrin 19:30 oere) wat se yn de masterclasses leard hawwe. De presintaasje is yn popup-kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

De masterclasses fan Tryater, Explore the North en Leeuwarden UNESCO City of Literature waarden yn maart jûn troch regisseur Brecht Wassenaar, dichter Nyk de Vries, skriuwer Daan Doesburg en dosint sang Janneke Brakels.

De tagong is fergees. It tal plakken is beheind. Reservearje dêrom in plakje fia dit formulier.