Byldzjende keunst én wurdkeunst komme tegearre by Poëzy yn de Galery yn de eksposysjeromte fan skouboarch De Lawei. Dat allegearre by de solo-eksposysje Salon Barricade fan Erik de Boer.
Tsien dichters nimme dy dizze middei mei yn ‘e boartlikens fan taal, wurd en klank.
Programma:
14:00 oere – Doarren iepen
15:00 oere – Begjin poëzymiddei
16:30 oere – Ein programma
17:00 oere – Doarren slute
Dichters: Bart Adjudant, Fred Hoekstra, Reinier van Delden, Jankobus Seunnenga, Kesanova, Gabrielle Terpstra, Lubbert Jan de Vries, Martsje de Jong, Tomas Dalgaard en mear.