Op útnûging fan Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen komt Philip Huff nei It Hearrenfean. Philip Huff is skriuwer, regisseur en dichter. Hy waard berne op 28 septimber 1984 yn Naarden. Huff studearre Spaansk oan de Universiteit fan Granada, skiednis en wiisbegearte oan de Universiteit fan Amsterdam, en die in minor Amerikanistyk oan de Humboldt Universiteit yn Berlyn.

Hy is skriuwer fan meardere bestsellers, wêrûnder Dagen van gras, Niemand in de stad en Wat je van bloed weet. Hy is gearstaller fan De Gedichtenapotheek, in blomlêzing fol poëzy foar de holle en it hert.

Syn sechsde roman Een goed nest ferskynde yn maart 2026 by útjouwerij Prometheus. It boek giet oer gesinsdynamiken: hoe’t âlden en harren bern inoar nedich hawwe, misse en skea tabringe – en hoe’t se, troch dat alles hinne, faninoar besykje te hâlden.

Njonken skriuwer is Huff ek aktyf as regisseur en poëzymakker. In jûn mei in skriuwer dy’t him net fêstpinne lit op ien medium.

Nei de webside →