Mei de start fan de nije Bachelor Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins stiet ek de fraach nei de takomst fan de frisistyk wer sintraal. Wat is eins it Frysk dat wy bestudearje? Hoe feroaret de taal ûnder ynfloed fan meartaligens en nije foarmen fan taalgebrûk? En hoe giet de frisistyk mei dy feroaringen om?

Yn dizze lêzing stiet taalkundige Anne Merkuur stil by de relaasje tusken taalferoaring en de akademyske bestudearring fan it Frysk. Merkuur wurket as universitêr dosint oan de Fryske Akademy en de Ryksuniversiteit Grins. Yn 2021 promovearre se op in proefskrift oer taalferoaring yn Fryske tiidwurden. 

It Obe Postma Selskip, dat as doel hat it wurk fan Obe Postma ûnder de oandacht fan in sa grut en divers mooglik publyk te bringen en hâlden, organisearret ienris it jier dizze lêzing yn gearwurking mei Tresoar. Dêrmei wurdt in bydrage levere oan in libbene kultuer yn Fryslân.

Organisearre troch Studium Generale Leeuwarden en it Obe Postmaselskip, yn gearwurking mei Tresoar.

Nei de webside →