Sjongeres en taalkeunstner Nynke Laverman lûkt dy mei har betsjoenende stim wûndere wrâlden yn. Har nijste foarstelling OAK is in magyske reis troch it ryk fan de siel, wêryn’t beammen, bisten en stiennen harren ferhaal dogge.
Fia songs, spoken wurdt en storytelling weeft se tegearre mei klankkeunstner Sytze Pruiksma in yngenieus muzikaal lânskip – somtiden edgy en fan no, dan wer mei de beswarrende kadâns fan in oerâld ritueel. Yn in sfearfol dekôr fan analoge fideo ûndersiket en spegelet Nynke ús westerske wrâldbyld op in teare, humorfolle wize.
Laverman en Pruiksma meitsje tegearre al mear as 20 jier aventoerlike, sfearyske muzyk mei poëtyske teksten yn it Frysk en Ingelsk. Nei Plant (2021), in ynkringend album dat troch de parse ‘hypnotisearjend’ neamd waard, bout se mei OAK fierder op wat se siedde hat.
Har ynspiraasje fynt Nynke yn kultueren dy’t yn harmony libje mei har omjouwing, lykas de Kazakh nomaden yn Mongoalië. Har kyk op’e wrâld, dêr’t alles mei alles yn ferbûn is, waard de reade tried yn har wurk.
Nei de webside →