Fan 13 oant en mei 17 novimber kinst dy op de 44ste edysje fan it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert wer ûnderdompelje yn films mei in Noardske fokus.

Nei ôfrin fan de poëtyske film That They May Face the Rising Sun op sneon 16 novimber presintearret Leeuwarden UNESCO City of Literature in neipetear mei haadrolspilers Barry Ward en Anna Bederke.

Yn That They May Face the Rising Sun sketst regisseur Pat Collins in yntym portret fan it Ierske plattelân. It ferhaal folget in jier yn it libben fan in pear dat út Londen wei weromkomt nei harren bertedoarp. Wylst sy harren op ’e nij ferbine mei de natuer en de mienskip, komme de ritmes fan it lanlik libben op in skildereftige, meditative wize foarby.

Basearre op it boek mei deselde namme fan John McGahern, wit Collins de stilte en skientme fan it lânskip masterlik te fangen. De film waard priizge om syn ferstille sinematografy en respektfolle werjefte fan it Ierske libben. That They May Face the Rising Sun wûn de priis foar Beste Film én wie nominearre foar de Irish Film & Television Awards.

Kaartsjes foar de film binne fan 30 oktober ôf te keap op de webside fan it Noordelijk Film Festival. Tagong ta it neipetear is fergees.

Nei de webside →