De Nasjonale Boekewike 2022 hat as tema ‘Earste leafde’ en fynt plak fan 9 oant en mei 18 april. De boekewike soe fan 5 oant en mei 13 maart wêze, mar is troch maatregels tsjin fersprieding fan korona in moanne letter. Ilja Leonard Pfeijffer skriuwt it Boekenweekgeschenk en Marieke Lucas Rijneveld fersoarget it Boekenweekessay.

Lykas foargeande jierren ferkskynt yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Fryske edysje fan it Boekenweekgeschenk. Jetske Bilker tekenet foar de Fryske oersetting. Op 16 april ynterviewt Coen Peppelenbos Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker yn de Westerkerk yn Ljouwert.

Yn de Boekewike krigest it Boekenweekgeschenk – yn it Nederlânsk óf it Frysk – fergees by besteging fan € 15,00 of mear.

Foto: Keke Keukelaar