It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen organisearje yn gearwurking mei Slieker Film in fertoaning fan de film Mittagsstunde op woansdei 21 febrewaris, Ynternasjonale Memmetaaldei. Ynternasjonale Memmetaaldei is in inisjatyf fan de Verenigde Naties.

De Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dörte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdútsk, en ien mei dialogen yn it Heechdútsk. It EBLT presintearret de Platdútske ferzje, mei ûndertiteling yn it Frysk.

Keapje in kaartsje op: