Op útnûging fan Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen komt Marente de Moor nei It Hearrenfean. De Moor wûn de AKO Literatuurprijs yn 2011 en de European Prize for Literature (2014) foar har roman De Nederlandse maagd (2010). Har wurk is yn sechstjin talen oerset en troch de ynternasjonale parse tige loovjend ûntfongen. Har mem is skriuwster Margriet de Moor.
Yn de perioade 1991-2001 wenne Marente acht jier yn Ruslân dêr’t se oan de teäterskoalle studearre. Se skreau yn dizze tiid ek artikels en in wyklikse kollum foar De Groene Amsterdammer.
Har boeken binne: De overtreder (2007), De Nederlandse maagd (2010), Roundhay, tuinscene (2013), Gezellige verhalen (2015), Foon (2018), De schoft (2023) en De bandagist (2025).
Foto: Juergen Bauer
Nei de webside →