Yn de ‘Slauerhoff-tún’ fan boekhannel Van der Velde sil in fleurige gearkomste plakhawwe, wijd oan de ferneamde Ljouwerter skriuwer Jan Slauerhoff. Dat bart op trije ferskillende wizen:

  • Evert Duintjer Tebbens (foarsitter stichting Herdenking Jan Slauerhoff) presintearret it boek De wereld is niet genoeg mei bydragen fan sprekkers oan it minifestival ‘Slauerhoff en Portugal’ fan ôfrûne simmer. By de presintaasje is ek fado muzyk te beharkjen.
  • Dêrneist ynterviewt freelance sjoernalist en arabist Sietske de Boer skriuwer Luuk Imhann oer syn roman Het inferno van Slauerhoff (2025), dy’t him foar it grutste part ôfspilet yn it Marokkaanske Tanger.
  • Ta beslút is der in feiling fan in unike kolleksje út it oeuvre fan Slauerhoff. Bubb Kuyper, oprjochter fan it grutste feilinghûs fan boeken, manuskripten en wurken op papier fan Nederlân, treedt op as feilingmaster.

De middei wurdt laat troch Evert Duintjer Tebbens.

Tagong fergees.