Skriuwster Maartje Wortel komt nei Hearrenfean foar in ynterview. Wortel sleepte mei har debút Dit is jouw huis (2010) fuortendaliks de Anton Wachterpriis foar bêste debút yn de wacht. Har romans Half mens en IJstijd waarden beide nominearre foar ferskate grutte literêre prizen; Half mens waard bekroand mei de BNG Literatuerpriis.

De Volkskrant rôp har út ta dé literêre belofte fan 2014 en priizge har ‘droogkomische originele vertelstem die meer weglaat dan vertelt’. In tema yn har wurk is: ‘wat sjoch ik en wat sjochsto’. Yn De groef – een wandeling (2021) beskriuwt se fiif jier deistige kuiers troch it Oosterpark mei freondinne Niña Weijers. Yn 2024 ferskynde har nijste boek Camping.

Ferhalen fan Wortel waarden oerset yn it Dútsk, Frânsk, Ingelsk en Italiaansk.

Nei de webside →