Sjoerd Bottema lêst sneontejûn 25 febrewaris it ferhaal Winterjûnenocht foar út de bondel De grize oer de grouwe yn Huiskamertheater De Wier yn Koarnjum. De grize oer de grouwe – winterjûnenocht – duvelske streken – the roaring sixties.

De wûnderbern Klaasje en Klaske, de liepe âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de jierren ’50 en ’60 fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid.

Sjoerd Bottema skreau romans, ferhalen en toaniel. Syn wurk is in miks fan tradysje en eksperimint, wylst ek de humor net ûntbrekt. Yn 2020 ferskynde in nije ferhalebondel: De grize oer de grouwe, ‘klassikers’ dêr’t de skriuwer syn eigen draai oan jout.

Yn 2020 wûn Sjoerd Bottema in Rely Jorritsmapriis foar syn ferhaal De sjongende ridder.

“Foarfallen binne dan wol nommen út âlde boeken, mar troch de skriuwer sa nei syn hân set, dat der neat âldfrinzichs fan oerbleaun is. Sa hat de skriuwer in prachtige draai jûn oan âlde teksten en dêr – tige betûft – in nije bestsjutting foar fûn.” (Doeke Sijens, ­Leeuwarder Courant)

Huiskamertheater De Wier
De Wier 5, Koarnjum
Doar iepen 19:30 oere
Oanfang 20:00 oere
Entree €7,50
Allinne tagong nei oanmelding: 06-54763154 of bobdeboer@pinupsanddowns.com

foto: Bob de Boer photography