Gerard Klein is in oerlibjende fan de Holocaust. Hy siet trije jier ûnderdûkt yn Boalsert, syn âldere broer Hapi siet trije jier yn Bakhuzen en harren âlden sieten op fjouwer ferskillende adressen yn Súdeast-Fryslân. Eddy van der Noord skreau in tsjokke famyljekronyk oer trije generaasjes Klein

Nettsjinsteande syn hege leeftiid is Klein noch altyd in kwyk man mei in hiel goed ûnthâld. Hy is in betûfte ferteller: ast efkes net opletst giet it antwurd op in fraach oer yn in sydpaad mei in opmerklike anekdoate. Mei Van der Noord foarmet er in dynamysk duo dat op in tige boeiende wize fertelle sil oer hoe’t trije oarloggen (Earste en Twadde Wrâldoarloch en 7 oktober 2023) de famylje Klein beskeadige hawwe, mar dy’t ek troch lokkige kantelpunten dy oarloggen oerlibbe hawwe.

Nei de webside →