Marga Claus waard berne yn Ljouwert en ferhuze as bern nei Easterein. Yn 2000 ferskynde har romandebút Oxzana, ferhaal fan in flechtling, dat se skreau oan’e hân fan it wier barde libbensferhaal fan in Oekraynske flechtlinge dy’t fia Afganistan yn Nederlân telâne kaam. Har nijste roman út 2024, Libbe, is foar in part basearre op it libben fan har heit. It boek giet oer âlder wurden, fergonklikens en loslitten, en oer de bysûndere bân tusken in heit en in dochter.
Y.g.m. Schrijfcafé Gytsjerk
Foto: Jacob van Essen