Auteur fan Fryske en Nederlânske berneboeken Lida Dijkstra fertelt oer har libben as skriuwer. Se debutearre yn 1994 mei it Frysktalige berneboek Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid en skriuwt sûnt dy tiid printeboeken, boeken foar begjinnende lêzers en âldere jeugd. In tal fan har berneboeken ferskynde yn beide talen, wêrby’t se sels de oersetting fersoarget.
It wurk fan Lida hat in soad prizen krigen. Yn 2025 wûn se in Sulveren en in Gouden Griffel foar De wonderverteller. De griffelsjuery: ‘Ferneamde ferhalen in nij libben meijaan. Dat is de krêft fan Lida Dijkstra. Yn De Wonderverteller docht se der noch in skepke boppe-op troch binnen it ferhaal sjen te litten hoe’t ferhalen ferteld wurde kinne.’
Fan 2020 oant 2022 wie se Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân en besocht yn dy funksje goed 450 groepen op 150 basisskoallen.
Nei de webside →