Oeral yn Fryslân wurdt (ekstra) foarlêzen yn it Frysk: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Foar pjutten is der in prachtich nij Tys & Teske-foarlêsboekje, dy’t ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers ferskynt.
Foar âldere bern o/m 8 jier is der wer in Keimpe-boekje. Yn biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen.
Wurkesto mei pjutten en wolsto meidwaan oan ’e Lês-mar-foar-wiken? Sjoch foar mear ynformaasje op de webside.
Nei de webside →