Op útnûging fan Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen komt Joost Oomen nei It Hearrenfean. Joost Oomen is dichter, skriuwer, drummer en performer. Hy groeide op yn Ysbrechtum en siet op it Bogerman College yn Snits. Nei syn stúdzje yn Grins wie er sawol húsdichter fan de Ryksuniversiteit Grins as stedsdichter fan Grins. Yn 2011 wûn er it Hendrik de Vriesstipendium foar nije literatuer.
Oomen trede op fan Pisa oant Ter Apel, fan Viseu oant Flylân en fan de tsjerke oant it hinnehok. Hy spile op festivals as Lowlands, Oerol, Into the Great Wide Open, ILFU, Explore the North, Wintertuin, Crossing Border en De Parade.
Njonken dichter is Oomen aktyf as organisator fan Kantoorpoëzie, Dichters in de Prinsentuin en Explore the North, en as skriuwdosint foar it basis- en fuortset ûnderwiis.
Hy skriuwt kollums foar de Ljouwerter Krante. Syn boeken binne ûnder oare Visjes (roman, 2022), De eerste kip van Nederland (Gelders Geschiedenisgeschenk), Lievegedicht (poëzie, 2023) en Het paradijs van slapen (roman, 2024).
Foto: Esther Lutgendorff
Nei de webside →