Op útnûging fan Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen komt Janneke Siebelink nei It Hearrenfean. Janneke waard yn 1974 berne yn Ede, yn in hûs fol ferhalen. Har heit is skriuwer Jan Siebelink. Nei har stúdzje oan de Frederik Muller Academie yn Amsterdam wurke se jierren foar de online boekwinkel fan bol.com, dêr’t se lees.bol.com oprjochte en tal fan lêzingen en events organisearre en presintearre.

Har earste roman Soms sneeuwt het in april (2022) fertelt it ferhaal fan in famke dat opgroeit mei it gewicht fan har mem har oarlochstrauma op ‘e skouders. In oangripende en meislepende skiednis basearre op wiere feiten. Yn har twadde boek December slaan we even over (2023) docht Janneke ferslach fan oandwaanlike en learsume moetingen yn in hospice. Oer wat minsken yn harren lêste libbensfaze ús bybringe kinne oer it bestean. Har tredde boek Een vorm van troost (2025) ferskynde by De Geitepers. Dêryn fertelt de skriuwer ûnder oare oer har fertriet om it ferstjerren fan har mem. Yn it neijier fan 2025 ferskynde har fjirde boek Een verdwaalde zomerdag. Dit boek lit sjen hoe’t trauma’s generaasjes lang trochwurkje kinne, oant immen sterk genôch is om der net mear oan ta te jaan.

Foto: Istar Verspuij-Korderijnk

Nei de webside →