Yn it hert fan Rinsumageast wurdt in sfearfolle literêre middei hâlden ta eare fan de Fryske skriuwer Ype Poortinga (1910-1985). Poortinga krige grutte bekendheid mei syn samling Fryske folksferhalen, leginden en mearkes. Mei syn karakteristike Daf trochkrúste er Fryslân, op syk nei ferhalen dy’t oars miskien ferlern gien wiene. Ferhalen fan it folk, fan it lân, fan minsken, ferhalen dy’t ús kultuer kleur en djipgong jouwe. Hy publisearre de ferhalen yn sân tsjokke dielen.
Masterferteller Douwe Kootstra bringt it oeuvre fan Poortinga ta libben en fertelt oer de oarsprong fan de âlde folksferhalen. Fertellers Aggie Meijer en Thom Boonstra drage foar út it sammele wurk. Marcel Smit, Wâldsjonger en fêstige namme yn de Fryske muzyk, fersoarget de muzikale omlisting en sjongt in op muzyk sette Poortinga-tekst.
Nei de webside →