Op 5 maaie wurde boeken libben tidens in online edysje fan it evenemint Human Library yn gearwurking mei it Fries Verzetsmuseum. By Human Library lienst gjin boeken, mar minsken. Spesjale titels binne te lien foar in ynspirearjend petear tusken 19.00 en 21.00 oere.

Nijsgjirrige minsken, mei har eigen idee oer frijheid en hoe’t wy frijheid fiere. Minsken dy’t lang net yn frijheid libbe hawwe, tsjûge west binne fan oarloch of de Twadde Wrâldoarloch oerlibben. Tidens Human Library kinst alles freegje en alles beprate. De libbene boeken fertelle har libbensferhaal yn in iepen petear.

Fanwegen de koronakrisis organisearret it Fries Verzetsmuseum de Human Library as in online edysje. Want sels yn dizze perioade wolle se minsken mei-inoar ferbine. Ien op ien, wêrby’tst inoar (digitaal) yn ‘e eagen sjen kinst en fan inoar leare kinst.

De folgjende “libbene boeken” kinne op 5 maaie liend wurde:

Dit binne de beschikbere boeken (klik op de titels foar in introduksje): AseksueelAutismeBDSMHolocaust oerlibberIraanske dûnslearaarJoadskMoslimaPoliamoreusYn in rolstoelTransgenderFeteraan en Poging ta selsmoard. In oantal dêrfan is ek te sjen yn de tentoanstelling Vrijheid Anno Nu. It is no mooglik om dy fergees oan te melden foar in petear. Krijst dan ek in moai kadootsje thússtjoerd.