Puere performances, fol enerzjy en oertsjûgingskrêft. Persoanlik en maatskippijkritysk. Dát is watst ferwachtsje kinst fan Hoge Woorden. Hoge Woorden is it poadium foar spoken word yn Fryslân. Mei in unike miks fan noardlike makkers en lanlike wurdkeunstners. Bekende nammen en opkommende talinten.
De line-up foar dizze edysje: tays, Suzanne Krijger, Derek Otte, Mahat Arab en Jooz.
Hoge Woorden fynt fjouwer kear yn it jier plak. Yn 2024 op 22 maart, 28 juny, 13 septimber en 14 novimber. Ek is der in spesjale edysje op festival Meet Me At the Lighthouse op 15 novimber op Skiermûntseach.
Oan ‘e ein fan ‘e jûn is der ek in plak foar dy by de iepen mic. Meld dy oan foar de iepen mic mei in DM op de Instagram-side fan Hoge Woorden.
Hoge Woorden wurdt organisearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature en Explore the North yn gearwurking mei Marrit Jellema, Stedsdichter fan Ljouwert.
Foto: Marc de Fotograaf
Nei de webside →