Tresoar set Lida Dykstra op freed 23 oktober yn it sintsje! In nijsgjirrich programma, mei goud as tema, bringt in earbetoan oan de alsidige skriuwster dy’t al sa’n 100 boeken, meast foar bern, skreaun hat.

As earste Fryske skriuwster wûn se in Gouden Griffel, foar har berneboek De wonderverteller. Tal fan aspekten út har rike karriêre komme oan bar: Jaap Friso, bekend fan De Grote Vriendelijke Podcast oer jeugdliteratuer, praat mei Lida Dykstra en twa oare priiswinners Natascha Stenvert (yllustrator) en Skelte Braaksma (striptekener). Der is muzyk fan Janneke Brakels en trije yllustratoaren meitsje as in soarte fan ‘Sterren op het doek’ live in wurk op dizze feestlike middei.

Nei de webside →