Auteur, kollumnist en hovenier Gerbrand Bakker komt 27 septimber nei ‘Drachten Presenteert!’. Hy skreau romans lykas Boven is het stil, Juni, De omweg en De kapperszoon. Syn debútroman Boven is it stil waard bekroand, foar toaniel bewurke en ferfilme. Syn romans waarden wrâldwiid oerset.
Yn 2025 ferskynde syn nijste boek Boedel. In persoanlik ferhaal oer it ferdielen fan de neilittenskip nei it ferstjerren fan in famyljelid. Nei it ferstjerren fan harren mem romje Gerbrand Bakker en syn bruorren en sus it âlderlik hûs leech. Se debattearje oer de emosjonele en materiële wearde fan objekten, lykas in sulveren jaarprikker en doaskes paracetamol. Nettsjinsteande diskusjes, soms besljochte troch lotting, ferdiele se yn harmony de besittingen, holpen troch de wurden fan harren mem: ‘Wie ruzie maakt, krijgt niks!’
Bakker reflektearret op de betsjutting fan spullen en betinkt de lêste jierren fan syn mem fia persoanlike foarwerpen. Boedel is skreaun yn in noflike, floeiende styl.
De lêzing is fergees tagonklik. Oanmelde kin fia de biblioteek.
Foto: Jolijn Snijders
Nei de webside →