Op sneon 25 april trede de Fryske dichters Syds Wiersma en Ignasi Ripoll yn Barcelona op. Sy presintearje dêr harren oersetprojekt fan Katalaanske poëzy yn it Frysk. Ferskate dichters dy’t sy oerset hawwe, drage foar út eigen wurk en tagelyk binne dan ek de Fryske oersettings fan de gedichten te hearren.
Ignasi Ripoll en Syds Wiersma binne al in pear jier dwaande mei it oersetten fan Katalaanske poëzy yn it Frysk. By de jierlikse fiering fan Sant Jordi (Sint Joaris*) op 23 april presintearren sy de ôfrûne jierren ferskate bondeltsjes mei wurk fan ferneamde Katalaanske dichters. Sant Jordi is in wichtige feestdei yn Kataloanië, in âlde tradysje wêrby’t minsken boeken en roazen kado dogge oan harren leafsten. Yn 1995 rôp UNESCO Sant Jordi út ta Wrâldboekedei, omdat 23 april ek de berte- en stjerdei fan Shakespeare is en de stjerdei fan Miguel de Cervantes. Troch hiel Kataloanië steane dy dei de strjitten fol mei boeke- en blommekreammen.
It Katalaansk-Fryske oersetprojekt fan Ripoll en Wiersma begûn yn 2023 mei in bondeltsje gedichten fan de ferneamde Vicent Andrés Estellés út Valencia. De jierren dêrnei folgen boekjes mei wurk fan de dichters Joan Salvat-Papasseit, Anna Aguilar-Amat, Manuel Forcano, Joan Vinyoli en Maria Mercè Marçal. Dit jier ferskine der fjouwer nije boekjes mei Fryske oersettings: wurk fan Maria Antònia Salvà, Pere Quart, Teresa Pascual en Jordi Llavina.
Kataloanië hat in lange en rike literêre tradysje. It doel fan it oersetprojekt is dêrom om Fryske lêzers yn ’e kunde te bringen mei in ferskaat oan poëzy út de Katalaanske taalgebieten. De oersetters bouwe fierder op it oersetwurk dat de Fryske dichter G.N. Visser yn 1963 makke foar in temanûmer fan it literêr tydskrift De Tsjerne oer Kataloanië. Mei de KAT/FRY dichtbondeltsjes besykje sy opnij in literêre brêge tusken Fryslân en Kataloanië te slaan. Op sneon 25 april wurdt it oersetprojekt yn Barcelona presintearre. Yn de Katalaanske boekwinkel ONA fynt dan in dichtersmiddei plak dêr’t ferskate dichters optrede en Syds Wiersma de Fryske oersettings fan harren poëzy foardrage sil.
Ofrûne jier waard Marian Hulshof by it projekt belutsen. Sy wurket oan de Nederlânske oersettings fan de gedichten dy’t Ripoll en Wiersma yn it Frysk oersette. Dêrmei krijt it projekt in trijetalich karakter. Dat is nijsgjirrich omdat der yn it Nederlânsk troch de jierren hinne net hiel folle Katalaanske poëzy oerset is.
De dichtbondeltsjes mei de Fryske oersettings foar Sant Jordi binne foar in sêft pryske by de Afûkwinkel te krijen. Se kostje €4 it stik en trije foar €10.
De presintaasje yn Barcelona wurdt finansjeel mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân en it Assemblea Nacional Catalana yn Nederlân.