De Fryske Boekewike set útein mei it Frysk Boekefeest en de presintaasje fan it Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’ fan Anne-Goaitske Breteler op freedtejûn 7 novimber. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fan 8 o/m 16 novimber fergees te krijen by oankeap fan €15,- oan Fryske boeken. Skriuwer fan it Kadoboek Anne-Goaitske Breteler jout yn de Boekewike ferskate lêzings.
Anne-Goaitske Breteler (Dokkum, 1996) groeide op oan ’e foet fan ’e seedyk yn Fryslân. Nei de stúdzjes kulturele antropology en publyksskiednis yn Amsterdam ferhuze se werom nei har bertegrûn. Yn 2018 ferskynde har non-fiksjedebút ‘De traanjagers’, yn 2020 har Fryske berneboek ‘In nuvere nacht’, en yn 2024 har non-fiksjewurk ‘De laatste dagen van de dorpsgek’. Se skriuwt columns en redaksjonele bydragen, jout lêzingen en makket tentoanstellingen en podcasts.
Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’
‘Oan ’e ein fan De Oere’ fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart. It grutste part fan harren libben wennen de net-troude broers Pieter, Jan, Dirk en harren suster Wytske mei-inoar op it âlderlik stee: in pleats yn Moddergat. It troch Breteler optekene famyljeferhaal bringt de lêzer ticht by in bysûnder gesin dat nettsjinsteande grutte feroaringen trou bleau oan it leauwen, oan elkoar en oan it âlde hiem. ‘Oan ’e ein fan De Oere’ jout in unyk ynsjoch yn in wrâld dy’t net wer weromkomt. It is in portret fan ferlies en fassinaasje – mar ek fan de fraach: wat betsjut it as in famylje, en harren erfgoed, ynhelle wurdt troch de tiid en driget wei te wurden?
It Kadoboek fan 2025 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk.
Lêzings troch Anne-Goaitske
Anne-Goaitske Breteler docht yn de Fryske Boekewike ferskate bibleteken en poadia oan mei in optreden:
10 novimber, 19.30 – 21.00 oere, Bibliotheek Heerenveen, It Hearrenfean
12 novimber, 20.00 – 21.30 oere, NUT/dbieb Burgum, De Pleats, Burgum
13 novimber, 20.00 – 21.30 oere, Podium Gorter, Balk
14 novimber, 19.30 – 21.00 oere, Theaterkerk, Nes (NEF)
Alle optredens binne fergees tagonklik en by alle optredens is in ferskaat oan Fryske boeken te keap.
De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân.
Foto: Tryntsje Nauta