Op freedtejûn 7 novimber wurdt mei de presintaasje fan it Kadoboek, dat dit jier skreaun is troch Anne-Goaitske Breteler, op it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert de ôftraap jûn foar de Fryske Boekewike 2025. In feest foar lêzers en skriuwers!

De presintaasje is yn hannen fan teätermakker en performer Douwe Dijkstra en der is muzyk fan de band Fegebart. It programma begjint om 20.30 oere, ynrin 20.00 oere. Elk is fan herten wolkom, de tagong is fergees. Graach foar tongersdei 23 oktober oanmelde fia info@boekenfanfryslan.nl, der is beheind plak.

Nei de webside →