Fan sneon 4 oant snein 12 novimber organisearret Boeken fan Fryslân wer de Fryske Boekewike, mei it Frysk Boekefeest, it Kadoboek, lêzings en fergees reizgje.

De Fryske Boekewike wurdt ôftrape mei it Frysk Boekefeest op freedtejûn 3 novimber.

Yn de Fryske Boekewike krije lêzers by it besteegjen fan 15 euro oan Fryske boeken it Kadoboek Hiltje yn Pella, skreaun troch Anita Terpstra.

Anita Terpstra jout yn de Boekewike ferskate lêzings:

  • 5 novimber 15.30-17:30 oere: Podium Gorter, Balk
  • 8 novimber, 20.00-22.00 oere: dbieb, Stiens
  • 9  novimber 19.30-21.30 oere: De Tiid, Boalsert
  • 10 novimber 19.30-21.30 oere: bibliotheek, It Hearrenfean

Alle lêzings binne fergees tagonklik. Reserveare is net nedich. Op de lokaasjes binne ek de nijste en moaiste Fryske boeken te keap.

Op snein 12 novimber kinst op fertoan fan it Kadoboek – mei in koartingskoade fia de Boekewikewebside fan Arriva – fergees reizgje yn de bussen en de treinen fan Arriva yn Fryslân. Mear ynformaasje oer de betingsten en de koartingskoade is te finen fia: arriva.nl/boekewike.

foto: Jacob van Essen