By filmhûs Slieker is op sneintemiddei 27 septimber de Afgaanse film No Good Men te sjen. Foarôfgeand oan de fertoaning fertelt de Afghaans-Nederlânske dichter en feminist Tania Akefi hoe’t sy út har persoanlike achtergrûn en ûnderfiningen wei nei de film sjocht. Wat betsjut it om as frou nei in film te sjen dêr’t tema’s as manlikheid, macht en de ferhâlding tusken mannen en frouwen yn sintraal steane? Nei har yntroduksje draacht Akefi in pear fan har gedichten foar yn it Afghaans. De gedichten wurde dêrnei yn it Nederlânsk oersetten. De gearkomste wurdt yn gearwurking mei Amnesty Ljouwert organisearre.

Oer No Good Men
Afghanistan, 2021, koart foar’t de Taliban wer oan de macht komme. Naru, de iennige kamerafrou by it belangrykste telefyzjestasjon fan Kabul, probearret de fâdij oer har trijejierrige soan te behâlden. Sûnt se by har frjemdgeande man weigong is, is se der – krekt as de measte Afghaanse frouwen – fan oertsjûge rekke dat der yn har lân gjin goeie mannen bestean. Dêrom fernuveret it Naru wannear’t Qodrat, de belangrykste sjoernalist fan Kabul TV, har in karriêremooglikheid oanbiedt. Wylst se tegearre dwers troch de stêd reizgje om ferslach te dwaan fan de lêste dagen fan frijheid, slagge de fonken tusken harren oer en begjint Naru te twifeljen oan har oertsjûging. Soe der dochs earne in goede man bestean?

Yn de film wurdt Dari en Pasjtoe sprutsen, de ûndertiteling is Nederlânsk.

Regisseur, senarist én haadrolspylster Shahrbanoo Sadat wol mei No Good Men in oar, autentiker byld fan Afghanistan sjen litte, mei humor en romantyk. No Good Men iepene it ôfrûne filmfestival (76 ste) yn Berlyn.

Klik hjir foar reguliere fertoaningen fan‘No Good Men’.

Nei de webside →