Explore the North Festival is in trijedaagse ûntdekkingstocht troch eigensinnige keunst en kultuer. Mei ferhalen yn gâns foarmen: dûns, muzyk, poëzy, spûken wurd en mear. It festival transformearret prachtige lokaasjes yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert yn moetingsplakken foar artysten en publyk. In festival dêr’t eksperimintele foarstellingen, live konserten en literêre performances inoar moetsje.
De earste artysten binne bekend. Club Guy & Roni, Boris Acket en HIIIT presintearje The Current, in nije performance dêr’t besikers ûnderdiel yn wurde fan in alternative werklikheid. Dûns, live perkusje en elektroanyske muzyk klinke gear. Aktrise Sarah Janneh (bekend fan Wa is de Mol) is ûnderdiel fan de cast.
Ut Sweden komme muzikant en spûken wurdt artyst Joshua Idehen en de koargroep XTC yn the XIV nei Fryslân ta. Ek stean op it programma: in nije foarstelling fan Ljouwerter dichter en spoken word artyst Mees van Rijswijk, en de premjêre fan All Real Living is Meeting van Esmé van den Boom (âld-Stedsdichter fan Grins).
It folsleine programma wurdt de kommende moannen bekend makke.
Nei de webside →