Oan de foarjûn fan de Tall Ships Races Harns draait Ferhalefjoer it tema ‘Te water!’ Op dizze ferhalejûn diele fertellers Frank Belt, Baukje Koolhaas en Ingrid Halfhide spetterjende ferhalen oer seerôvers en lânrotten, koele wetters en stoarm op see, de fiver yn ‘e tún oant fiere oseanen.
Ferhalefjoer is it plak foar ferhalen. Om nei te harkjen of sels te fertellen. Frank, Baukje en Ingrid iepenje en slute de jûn mei in ferhaal. Tuskentroch kin elk dy’t wol in ferhaal diele. Alle kearen stiet der wol ien op dy’t sels yn it foar nea tocht hie te fertellen. Allinnich harkje kin ek.
Dit is de lêste kear dat Ferhalefjoer ûntstutsen wurdt yn de tún fan it Hannemahûs. Yn augustus en septimber ferkast it ferhalefjoer nei in oare prachtige tún yn de binnenstêd fan Harns, de tún fan Sint Hubertus oan de Suderhaven. Lykas altyd op de earste tongersdei fan de moanne.
Entree is fergees. Kofje en tee binne beskikber. In frijwillige bydrage is wolkom.
Nei de webside →