Ype Poortinga (1910-1985) sammele in hiel soad Fryske folksferhalen. Sa’n twatûzen ferhalen binne yn sân mânske boeken ferskynd mei moaie titels as It fleanend skip, De held en de draek en It gouden skaakspul. Mei syn Dafke gie er jierrenlang alle wiken by fertellers del om har ferhalen op bân op te nimmen. Dy audiokolleksje is troch it Frysk Film & Audio Argyf digitalisearre en komt ynkoarten beskikber foar elkenien. Sa krije tsientallen fertellers har stim werom. Wa wit sit dyn beppe of pake derby en kinst harren stim nei al dy jierren wer ris hearre?
Ferhalen moatst hearre! En dêrom is op snein 2 novimber by Tresoar in feestlike lansearring fan de audiokolleksje mei Fryske folksferhalen. Fertellers fan no, Aggie Meijer, Alexander Moto, Tamara Feddema en Kees de Vries, litte priuwkes hearre. Arjan Sterken, religywittenskipper en leafhawwer fan Poortinga syn ferhalen, fertelt oer syn ûndersyk nei ferteltradysjes. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries (ek wol: Willem Wâldpyk). Kom del, lit dy meinimme yn de wûndere wrâld fan de mearkes, grappige teltsjes en sêgen.
Dizze middei wurdt organisearre troch Tresoar yn gearwurking mei it Frysk Film & Audio Argyf
Oanmelde
Neiere ynformaasje oer it programma op snein 2 novimber folget meikoarten. De middei is fergees tagonklik. It is wol nedich kaartsje te reservearjen op de webside fan Tresoar.
Nei de webside →