Op freed 12 novimber om 16:00 oere wurdt yn de Westerkerk yn Ljouwert de nije Dichter fan Fryslân beneamd. De beneaming is ûnderdiel fan it Westerkas-programma fan festival Explore the North.
Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Sietske Poepjes nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân 2019 – 2021 mei de presintaasje fan syn nije dichtbondel ‘Asman’. Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Boeken fan Fryslân en Explore the North. De presintaasje is yn hannen fan Jelte Posthumus.
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de Provincie Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.
De advyskommisje bestiet dit jier út Cilla Geurtsen, Annemarie Lindeboom en Tsead Bruinja (foarsitter).
Oanmelde is needsaaklik en kin fia: ynfo@dichterfanfryslân.nl. Jo Corona QR-koade sil by de yngong skend wurde. Der kinne maksimaal 75 minsken yn ‘e seal. Tagong op basis fan folchoarder fan oanmelding.
Nei de webside →